Fûgelpest yn Fûgelpits?

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Eanjum mei fan it ministearje fan lânbou foarearst gjin fûgels útsette. It fûgelasyl is mooglik besmet mei fûgelpest. De fertinking wurdt op it stuit ûndersocht troch laboratoarium ID-Lelystêd. de Fûgelpits ferwachtet nije wike de útslach.
De Fûgelpits hie fiif jier tebek ek al ris fûgelpest en moast doedestiid alle fûgels ôfmeitsje litte.