Boalserter auto foar Suriname

03 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Learlingen fan 'e technyske skoalle yn Boalsert hawwe fan in frachtweinwrak in nagelnije truck makke. Dy moat oer trije wike yn 'e jungle yn Suriname ride.

De skoalle wie yn kontakt kaam mei it projekt 'Gun Henk z'n Tank' fan Boalserter Henk Tjassing. Dy besiket yn Suriname djoersume sûnenssoarch te ûntwikkeljen. It ferfier dat dêrfoar nedich is, waard tiisdei realiteit.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)