'Nij tongblierdraaiboek nedich'

© Omrop Fryslân
Ryk, provinsje en gemeenten moatte by in nije tongblierútbraak mear gearwurkje. Dat sei boargemaster Cazemier fan Dongeradiel moandei yn Stroe. Hy wie dêr om te praten mei leden fan de fêste keamerkommisje fan lânbou.
Cazemier mient dat gemeenten temin ferantwurdlikens hawwe, wylst se wol helpe moatte by de oplossing fan 'e krisis. In nij draaiboek moat dêr dúdlik yn wêze.