Underskieding foar wetterprojekt

© Omrop Fryslân
It Fryske wetterprojekt Water City International is foarige wike tidens in konferinsje yn Denemarken as bêste út de bus kaam. It projekt is derop rjochte om de kwaliteit fan wetter yn stêden te ferbetterjen.
Dielnimmers binne de stêden Ljouwert, it Sweedske Göteborg, Norwich yn Ingelân en Emden yn Dútslân. Der binne sûnt 1997 45 projekten útfierd by de Noardsee del.