Hearrenfean ferliest fan Letten

01 jul 2001 - 00:00

SC Hearrenfean hat de earste wedstriid yn 'e twadde omgong fan 'e yntertotokompetysje tsjin Liepájas Metalurgs ferlern. De Letten wûnen snein foar eigen publyk mei 3-2.

Twa kear kamen de Friezen foar te stean troch doelpunten fan Denneboom en Lurling. Takom wykein is it bûge of barste foar Hearrenfean. Dan spylje se thús de return tsjin de Letten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)