Minister Borst rikt diploma's út

© Omrop Fryslân
Minister Borst fan Folkssûnens rikt moandei de earste MBO-diploma's ferpleechkunde yn Fryslân út oan tachtich studinten. Dat bart op it Fryslân Kolleezje yn Ljouwert.
Oant 1997 folgen de oankommende ferplegers de 'in service-oplieding'. Dêrmei wiene se A- of B-ferpleechkundige. De nije oplieding wurdt yn Fryslân inkeld op it Fryslân Kolleezje jûn.