Man falt achterútrinnend yn put
In ynwenner fan Stiens (48) is sneon ferwûne rekke doe't er yn Ljouwert yn in put foel. Dat wie op it stoart oan 'e Greunswei.
De man loadste achterútrinnend in auto mei karre nei de put ta, stroffele en foel 10 meter nei ûnderen ta. De brânwacht hat him derúthelle. Yn it sikehûs waard fêststeld dat de man in brutsen skonk hie.