Fryske skaker Ernst derôf spile

© Omrop Fryslân
De Fryske skaker Sipke Ernst is út de race foar it NK skaken, dat yn Ljouwert hâlden wurdt. De Damwâldster hie in swiere sile te lûken: hy kaam út tsjin de titelferdigener Loek van Wely. Dy spile him der mei gemak ôf.
In barraazje moat snein útmeitsje wa't Nederlânsk kampioen skaken wurdt. Tsjinstanner fan Loek van Wely is Erik van den Doel.