Jonge bromfytsers ride gefaarlik

29 jun 2001 - 00:00

Jonge bromfytsers binne in gefaar op 'e dyk. Har rydstyl komt net oerien mei de easken fan it CBR. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat ein 2000 útfierd is yn opdracht fan it ROV Fryslân.

Yn de omjouwing fan Ljouwert binne 77 jongeren testen op harren gedrach yn it ferkear. Minister Netelenbos fan Ferkear hat hjirop sein dat der yn de takomst ek praktyklessen jûn wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)