Nije regeling goed foar skipsbou

© Omrop Fryslân
De nije stipe-regeling foar de skipsbou kin foar noardlike skipsbouwers foar goed trije miljard gûne oan wurk opsmite. Dat sei deputearre Van Klaveren as reaksje doe't de regeling bekend waard.
De skipsbouwers krije dit jier boppedat nochris in bedrach tusken de 10 en 20 miljoen gûne fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De deputearre tinkt dat de nije regeling posityf útwurket.