Tydlike revalidaasjeklinyk

© Omrop Fryslân
It revalidaasjesintrum yn Beetstersweach mei in tydlike klinyk bouwe mei 64 bêden. Der is acht miljoen gûne foar beskikber. Folwoeksenen, bern en jongerein kinne der terjochte.
It tydlike gebou, dat by it haadgebou komt, wurdt yn febrewaris yn gebrûk nommen. Dêrnei wurdt fuort begûn mei de bou fan in nij revalidaasjesintrum en oanpaste sporthal. Dat is yn 2003 klear.