Earste feemerk sûnt krisis

29 jun 2001 - 00:00

Yn Hilaard wie freed wer in feemerk. De earste feemerk sûnt de tongblierkrisis waard holden yn de stallen fan ekspediteur Dijkstra. It gie freed allinnich om de hannel yn keallen. In 200 feehannelers fierden goed 500 keallen oan.

It Bûn fan Feehannelers hie it inisjatyf naam ta dizze primeur yn Hilaard. De sfear hie in soad wei fan in reuny. De lêste feemerk wie fjouwer moanne ferlyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)