Kapjen Kúnderbosk giet troch

29 jun 2001 - 00:00

Staatsbosbeheer hâldt net op mei it delheljen fan beammen yn it Kúnderbosk. De Fûgelbeskerming hie dat easke, omdat yn de bosk yntusken tûzenen fûgelnêsten fernield wêze soene.

De Fûgelbeskerming hat no de Algemene Inspectie Dienst (AID) ynskeakele yn de hoop dat dy it kapjen stilsette kin. Neffens Staatsbosheer binne der net iens safolle nêsten yn it Kúnderbosk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)