Groei wurkplakken De Jouwer

© Omrop Fryslân
De wurkgelegenheid op 'e Jouwer is yn 10 jier mei 30 prosint tanaam. Dat komt del op in 1900 nije arbeidsplakken. Dy groei komt benammen troch útwreiding fan besteande bedriuwen.
De groei is opmerklik as betocht wurdt dat it tal wurkplakken by Douwe Egberts krekt ôfnaam is. Boargemaster Kuiper makke de sifers tongersdei bekend by de iepening fan wenbûlevard Woudfennen.