Bydragen foar needfûns tongblier

29 jun 2001 - 00:00

Dantumadiel en Kollumerlân hawwe finansjele stipe tasein oan Dongeradiel. De twa gemeenten sille bydrage yn it needfûns, dat ynsteld is fanwege de tongblierkrisis.

Undernimmers dy't troch de tongblier yn de finansjele problemen kaam binne, kinne in berop dwaan op dat needfûns. Dongeradiel hat sels ek jild stoart yn it fûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)