Neiskoalse opfang Riis bliuwt
De neiskoalse opfang fan De Huifkar yn Riis kin bestean bliuwe. De Huifkar is in projekt fan De Witakker, in skoalle foar spesjaal ûnderwiis, dêr't bern mei slimme lear- en gedrachsstoarnissen nei skoaltiid opfongen wurde.
It like der lang op dat it projekt stopsetten wurde moast, mar de provinsje hat no dochs besletten om oardel ton subsydzje te jaan.