Boete easke sikehûsmeiwurker
Tsjin in wurknimmer (50 jier) fan it sikehûs op It Hearrenfean is tongersdei in boete fan 5000 gûne easke. De man dy't as assistint-anestesist yn De Tjongerschans wurket, hat earder dit jier in fout makke by in pasjint.
Nei it ferskjinjen fan de 85-jierrige frou hie er de apparatuer foar beäzemjen fergetten wer oan te sluten. De frou rekke en koma en is letter ferstoarn.