Tongbliermaatregels by Wâldrock

© Omrop Fryslân
By it festival Wâldrock, dat sneon yn Burgum hâlden wurdt, wurde dochs noch maatregels nommen tsjin besmetting fan tongblier. Nederlân is fan 'e wike offisjeel frij fan MKZ ferklearre, mar de organisaasje nimt previntive maatregels.
De besikers meie net yn de buert komme fan pleatsen yn de omkriten fan it festivalterrein. Der wurde bussen ynset om de minsken nei ôfrin nei hûs te bringen.