Feemerken jouwe de striid op

27 jun 2001 - 00:00

De feemerken yn Nederlân geane net mear iepen. Se sjogge it net sitten om oan de strangere maatregels fan minister Brinkhorst te foldwaan. De feemerken ha woansdei besletten de striid op te jaan.

Brinkhorst hat de strangere easken opsteld nei de tongblierkrisis. Iennige hoop foar de merken is dat de Twadde Keamer de minister werom fluitet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)