Nij hynstesintrum Oentsjerk
De feehâlderij sit de lêste jieren yn de lytse loege, mar de hynstehâlderij giet it foar de wyn. IPC, de praktykskoalle yn Oentsjerk, hat dêrtroch in nij hynstesintrum iepenje kinnen.
Mei it nije sintrum kin de skoalle it tanimmende tal studinten better les jaan. It nije hynstesintrum krige woansdei by de iepening ek in feilichheidskeurmerk.