Keunst op wynmolens

05 mrt 2012 - 17:20

Easterbierrum hat moandei in wrâldprimeur. Foar it earst wurdt dêr keunst op wynmolens toand. It giet om skilderdoeken fan sa'n 8 by 2,5 meter. Keunstners binne derfoar útsocht en it tema is koöperaasje. De organisaasje Bubble Projects kaam mei it idee. Dy hat wol faker eksposysjes op bysûndere plakken.

24 keunstners koenen har opjaan. Dy binne selektearre út 60 ynstjoerings troch in sjuery ûnder lieding fan D66 fraksjefoarsitter Alexander Pechtold. De iennichste Fries is Rienk van Houten út Drachten.

Trefwurden: 
keunst Easterbierrum wynmole
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)