Feehannelers dochs 'los'

© Omrop Fryslân
Freed is der dochs in feemerk, de earste yn Nederlân. No't it FEC gjin merk organisearret, geane de Fryske feehannelers nei Hilaard. Dêr sille se hannelje op it feesammelplak fan keapman Dijkstra.
De hannelers snakke der nei om wer te 'hantsjebakken'. Dijkstra hat yntusken goedkarring krigen neffens de nije regels. Der wurde freed allinne keallen ferhannele, nei ferwachting sa'n 600.