Noch gjin Nederlânsk damkampioen

27 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Harm Wiersma út Goutum en Hans Jansen út Amsterdam hawwe tiisdei yn Zwartewaterland tsien 'sudden death' partijen damd. Omdat beide dammers lyk einigen moat der fierder spile wurde.

It Dambûn fergadert woansdei oer wêr en wannear dit plakfine moat. It offisjele kampioenskip waard tusken 7 en 21 april spile. Wiersma en Jansen spilen dêrby lyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)