Filla yn Murns moat plat
De grutte filla oan de râne fan de Iselmar by Murns moat binnen in moanne ôfbrutsen wurde. As dat net bart, wurdt de eigner en de gemeente in twangsom oplein.
Twa jier lyn is de wenning boud, tsjin it bestimmingsplan yn. Provinsje en ynspeksje hienen gjin meiwurking ferliend oan de bou. De gemeente Gaasterlân-Sleat wol no it bestimmingsplan wizigje.