Beleanning foar brûken Frysk

© Omrop Fryslân
Amtners fan de gemeente Boarnsterhim wurde meikoarten beleanne foar it brûken fan de Fryske taal. De amtners prate faak de taal wol, mar skriuwe har stikken meast net yn it Frysk.
Om dat te berikken, is in saneamde gratifikaasjeregeling ynsteld. De amtners kinne in fierljepkursus krije, in teaterbon foar Tryater of in Fryske flagge. Oer twa jier wurdt der evaluearre.