Tiid driuwt foar skoalbern

© Omrop Fryslân
De nijbou fan de Sint Paulusbasisskoalle rint nei alle gedachten fertraging op. De lokaasje oan de Julianaleane yn Ljouwert moat sloopt wurde foar nijbou. De skoalle hat lykwols noch in wike om in oar plak te finen foar de 200 bern.
Mooglik kinne de skoalbern tydlik ûnderbrocht wurde yn it gebou fan it Lienwardkolleezje oan de Kanaalstrjitte yn de Fryske haadstêd.