Diskusjenota oer Frysk tydskrift

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten hawwe tiisdei in diskusjenota oer in nij Frysk tydskrift fêststeld. De nota moat de motiven oanjaan om sa'n blêd út te jaan. It blêd moat him rjochtsje op doelgroepen.
Der binne ferskate mooglikheden. Sa wol de Afûk fjouwer temanûmers per jier útbringe. It literêr tydskrift Trotwaer wol fernije en de Friese Pers hat plannen foar in moanneblêd.