Personiel skipswerf sûnder wurk
It personiel fan 'e bûtendykse skipswerf Frisian Shipyard yn Harns sit fan dizze wike ôf sûnder wurk. Foar de 95 wurknimmers is ûntslach oanfrege.
De ferwachting is dat arbeidsfoarsjenning de ûntslachoanfraach goedkarre sil. De fakbûnen ferwite de direksje fan Frisian Shipyard mismanagement. Der is belangstelling foar it oernimmen fan de Harnzer skipswerf.