Ferromming easken feemerken

26 jun 2001 - 00:00

Minister Brinkhorst hat de easken foar feemerken ferromme. Keallen meie tenei út in grutter gebiet oanfierd wurde foar de hannel. Fierder meie waskplakken foar feeweinen no ek yn feemerkmerkgebouwen komme, yn stee fan allinnich der bûten.

Wurdfierders fan de feemerken sizze lykwols dat de ferromming neat útmakket. Ek de feemerk yn Ljouwert kin noch net earder iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)