Taalynsidint op Skiermûntseach

25 jun 2001 - 00:00

In konflikt oer it wegerjen om Frysk te ferstean rûn sneontenacht yn de Tox Bar op Skiermûntseach sa bot út de hân dat de plysje der oan te pas kaam. Meiwurkers fan 'e bar wegeren sneon om Fryske bestellings fan FYK-leden te ferstean.

Ien fan de FYK'ers, in 26-jierrige Ljouwerter, waard letter sa lulk dat er twa glêzen stikken smiet. Hy waard troch de plysje meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)