Tal eidereinen rint hurd tebek

25 jun 2001 - 00:00

De eiderein yn de Waadsee wurdt mei útstjerren bedrige. It tal eidereinen is lytser as ea. Wiene der yn 1960 tusken de 100 en 150 tûzen fan dizze fûgels, no binne it der noch in 50 tûzen.

De lêste tiid spiele in soad deade eidereinen oan op de strannen fan de eilannen. Se geane dea oan de term- en de mageparasyt. Dy parasiten sitte yn 'e kokkels, dy't de einen ite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)