Debútcd Twarres moandei te keap
It earste album fan it Wergeaster duo Twarres leit fan moandei ôf yn de winkels. Op de cd Stream steane twa Frysktalige nûmers en njoggen Ingelske lieten.
De hits Wêr bisto? en She couldn't laugh steane ek op it debút fan Mirjam Timmer en Johan van der Veen. It duo promoatet de cd mei in tal konserten, te begjinnen yn Wergea op 6 july.