UPC bout net yn haadstêd

© Omrop Fryslân
De nijbouplannen fan UPC yn Ljouwert wurde foarearst op de lange baan skood. De kabeleksploitant wie fan doel om yn it bedriuwepark yn de haadstêd in nij call-centre te realisearjen.
Lanlik is UPC dwaande alle nijbouplannen op 'e nij te besjen. Yn Ljouwert wurdt no útsjoen nei in gaadlike lokaasje om te hieren. De finansjele problemen soenen neat mei de situaasje te krijen ha.