Junior Helmholt ljept it fierst

© Omrop Fryslân
Bart Helmholt tinkt dat er dit seizoen de 18 meter wol helje kin. De fierljepper hie sneon de bêste sprong yn de finale. Op de skâns yn syn wenplak Burgum kaam er op 17.78 meter út, in nij persoanlik rekord foar de junior.
Winner yn de topklasse fan de sande earsteklaswedstriid fan dit seizoen wie Klaas Haanstra út Warkum. Hy sprong 17.32 meter yn de finale.