Jild foar Friesland Vaart

© Omrop Fryslân
B en W fan Dongeradiel wolle 50.000 gûne útlûke foar de offisjele start fan it evenemint Friesland Vaart juny 2002. By de start moatte ferskate aktiviteiten organisearre wurde.
Nei de tongblierkrisis kin de toeristyske sektor yn de regio positive publisiteit brûke, sa fynt it kolleezje. Dêrom is it belangryk dat Dokkum oan it tsien daachse wetterbarren meidocht.