Ekstra berne-iepenloftspul
Der komt in ekstra foarstelling fan it berne-iepenloftspul Sake en it suertsjefabryk yn Easterwierrum. Dat sil wêze freed 29 juny. De kaartferkeap begjint moandei fan 10.00 oere ôf: 06-13093807.
De seis reguliere opfieringen wienen dit jier yn in oere útferkocht. Fanwege it grutte sukses is besletten om in ekstra foarstelling yn te passen. Dat is lykwols in útsûndering, seit it bestjoer.