IM: 'Irakees wie wol fertocht'

© Omrop Fryslân
De Irakees dy't yn de Vaatstra-saak oanhâlden is, wie wol fertocht. Dat seit parse-offisier Severein. It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat syn bêst dien om de man oan te hâlden. Hie der minder maatskiplike druk west, wie de syktocht earder beeinige neffens him.
It IM bliuwt dêrmei achter de útspraak fan De Graaf stean, dat de arrestaasje ûnder druk fan publike opiny dien wie.