Kroes 'iepenet' tegeltsjebrêge

© Omrop Fryslân
Henk Kroes hat freed de tegeltsjebrêge by Gytsjerk offisjeel iepene. De foarsitter fan de Fryske Alvestêdetocht ûntbleate it keunstwurk mei 4000 tegels mei reedriders.
It idee foar it Alvestêdetochtmonumint is fan de keunstners Bas Lugthart en Maree Blok ôfkomstich. Ein maaie wie it tegelsetbedriuw fan De Jouwer noch drok dwaande riders op de brêge te plakken.