Keunstwurk op rotonde
In houten hokje op de rotonde by Mitselwier hat de ôfrûne fjirtjin dagen fragen oproppen. Soe de plysje op in nije wize de faasje kontrolearje? It gie lykwols om in keunstwurk fan Willeke van der Meer.
Se brûkte it hokje om foto's fan de omjouwing te meitsjen. De panoramafoto's binne nije wike yn Grins te besjen, yn it gebou fan de rykstsjinst fan ferkear.