Deade bisten fûn yn Aldwâld

© Omrop Fryslân
By in boer yn Aldwâld binne tongersdei fjouwer deade kij en acht deade kealtjes oantroffen. Trije kij wiene al in skoftlang dea. De fynst is dien troch de ynspeksjetsjinst fan de bistebeskerming. It oare fee op de pleats is ridlik sûn, útsein seis hynders.
Tsjin de boer is proses-ferbaal opmakke. De ynspeksjetsjinst fynt dat de pleats eins definityf sletten wurde moat.