Kollumerlân lilk op NS
De gemeente Kollumerlân oerwaget juridyske stappen tsjin de NS. De gemeente is poerlilk dat der noch altiten neat dien is oan de problemen by it spoar Feanwâlden-Grijpskerk.
Nei de ferdûbeling fan it spoar die bliken dat derûnder oaren problemen wienen mei de wetterôffier. Ek leit der fersmoarge grûn. Kollumerlân hat 18 kritykpunten. De NS jout gjin kommentaar.