Westra yn top tsien Parys-Nice

05 mrt 2012 - 17:08

Nei syn njoggentjinde plak yn de tiidrit mei reinwetter fan snein, siet Lieuwe Westra yn de twadde etappe fan Parys-Nice yn de kopgroep dy't mear as twa minuten pakte op it peloton. De hurdfytser fan De Tynje siet nei 100 fan de 185 kilometer yn de earste groep doe't it peloton bruts troch de hurde wyn. De einsprint fan de groep fan 21 waard wûn troch de Belch Tom Boonen.

Westra besocht yn de lêste kilometers noch út te naaien, mar dat slagge net. Yn it algemien klassemint hat Bradley Wiggens de lieding, Westra is achtste op 22 sekonden.

Parys-Nice is in wrâldtoerwedstriid dy't oant snein duorret.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)