Boer brûkt rigoereus middel

22 jun 2001 - 00:00

In Amelanner boer hat by fersin fan 300 meter sleatswâl alle begroeiing deaspuite. De man woe wat stikels deameitsje, mar brûkte dêr glyfosfaat foar, in fierstente sterk middel.

It gif hat ek it sleatswetter fersmoarge. Neffens wetterskip Fryslân binne de konsekwinsjes foar it miljeu grut. De boer kin in flinke boete yn 'e mjitte sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)