'Taalbelied Europa te meager'

22 jun 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske stipe foar minderheidstalen stelt eins neat foar. De Baskyske fise-minister fan taalbelied Aizpurua sei freed op it provinsjehûs dat mar 0,001 persint fan it Europeeske budzjet ornearre is foar minderheidstalen.

"Regio's as Baskelân en Fryslân moatte mei-inoar oan it wurk foar minderheidstalen. At je op Brussel wachtsje, bart der neat", sa sei Aizpurua.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)