Wer Deen nei Hearrenfean

22 jun 2001 - 00:00

SC Heerenveen hat op 'e nij in Deenske spiler fêstlein. It giet om Allan Bak Jensen. De 23-jierrige Bak Jensen komt fan FC Midtjylland. Hy hat in kontrakt foar fjouwer jier tekene.

Dit jier is Bak Jensen troch Deenske coaches útroppen ta bêste rjochter midfjilder. Hy makke 16 doelpunten en joech fiif assists. FC Midtjylland einige dit jier (as promovendus) as fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)