Ungelok Noardburgum-Twizel

05 mrt 2012 - 17:07

By in frontale oanriding op de N355 tusken Noardburgum en Twizel bin twa minsken swier ferwûne rekke. It giet om de bestjoerders fan beide auto's. Se binne mei botbreuken en oar letsel oerbrocht nei it sikehûs. Wat de krekte oorsaak wie is noch net bekend.

De oanriding wie op de hichte fan de jachthaven Swartkrús. Yn augustus ferline jier gebeurde der op it selde plak in deadlik ûngelok plak. De N355 hat oerenlang ôfsletten west foar alle ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)