Skeafergoeding sâltfabryk easke
Ynwenners fan Seisbierrum, Mullum en Pieterbierrum wolle skeafergoeding fan sâltwinningsfabryk Frisia yn Harns. Troch de sâltwinning soe boaiemdaling ûntstien wêze.
Neffens guon húseigners is har hûs mear as tweintich sentimeter sakke en komme der skuorren yn de muorren. Om de sâltwinning te stopjen tsjinje de dupearren in beswier yn by it ministearje.