Komposysjetekening oantaaster

21 jun 2001 - 00:00

De plysje hat in komposysjetekening makke fan 'e fertochte dy't him ôfrûne sneon fergrypt hat oan in 23-jierrige frou yn it Drachtster Slingepark. De tekening is makke neffens har oanwizings.

Oant no ta hat de plysje noch gjin spoar dat nei de mooglike dieder wiist. De plysje hopet de man fia de komposysjetekening, dy't ek fia de media en ynternet ferspraat wurdt, op it spoar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)