Plysje fynt himpkwekerij

21 jun 2001 - 00:00

De plysje hat tongersdei by in ynfal in profesjonele himpkwekerij ûntdutsen. De kwekerij wie fêstige yn in loads op yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert.

De fynst is de grutste ea yn Ljouwert. De plysje fûn sa'n trijetûzen himpplanten. De loads wie ferhierd oan minsken út Amsterdam. By de ynfal waard nimmen oantroffen. De ferhierder fan de loads seit fan neat witten te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)