Pasjint fertocht fan brân

© Omrop Fryslân
In bewenner fan in psychiatrysk sikehûs Grut Lankum yn Frjentsjer is oanhâlden foar brânstifting. It fjoer ûntstie op syn sliepkeamer en sloech dêrnei oer nei oare romten.
De brânwacht hie it fjoer ridlik gau út. Sechstjin bewenners koene op 'e tiid nei bûten ta brocht wurde. Seis meiwurkers hawwe by de evakuaasje te folle reek ynaseme. Se moasten nei it sikehûs ta.